Fan binnenút podcast

Fan binnenút Podcast

Fan binnenút Podcast

Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst. Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?

  • Podcast gepubliceerd op: 4/5/2022 5:43:27 PM
  • Maker: Omrop Fryslân
  • Taal: nl
  • Laatste RSS update: 10/25/2022 5:39:00 PM
  • Datum eerste aflevering: 9/20/2020 8:00:00 AM
  • Datum laatste aflevering: 5/2/2022 12:00:00 AM

15 Afleveringen

  • 00:29:41

    Mirjam de Groot is trajektbegelieder by it VIP-team (Vroegtijdige Interventie Psychoses). Wat is nedich om werom te kearen nei wurk, of better noch, om oan it wurk te bliuwen? Wat docht it mei dy ast út dyn deistige struktuer rekkest? En wa ...

  • 00:30:17

    It binne kleurrike types dêr't se mei wurket en dat fynt se prachtich. Martje Yntema giet foar har wurk as spesjalistysk ferpleechkundige by de GGZ in soad de strjitte op. De maatskippij is bêst yngewikkeld, en dus begrypt se hiel goed dat ...

  • 00:30:50

    Tiny Altena is sosjaal psychiatrysk ferpleechkundige op de IHT, de intensive home treatment. De IHT is der op rjochte om safolle mooglik foar te kommen dat minsken opnommen wurde. Mar is thús behannelje dan safolle better? ...

  • 00:33:52

    Sietze Ketelaar rydt op de rapid responder. In ambulanse sûnder toeters of bellen, dy't nei meldings oer betize minsken giet. Wat komt hy tsjin? En wêrom giet er net mei pensjoen? ...

  • 00:01:03

    Yn 'Fan binnenút' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt ...

Vorige

Disclaimer:De podcast artwork geembed op deze pagina is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast en is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl.

00:00