Aflevering Wike 11 - Training 1

Wike 11 - Training 1
· Aflevering van de podcast: Fit mei Femke sûnder muzyk

Training 1 30 minuten hurdrinne (Dizze wike mar twa trainingen fan ús kant. Ast wolst, kinst fansels altyd wat kuierje, fytse of swimme.) Coach Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop Noch in pear wike en dan stiest oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Dyn earste offisjele hurdrinwedstriid. Best wol spannend, mar sjoch it foaral as in útdaging datst hjir oan mei dwaan meist. Hjirby in pear oandachtspunten dy't wy dy no al mei jaan wolle. • Sjoch al ris efkes op de lokaasje dêr't it evenemint holden wurdt (Elektrisiteitssintrale Burgum, Koumarwei 2). Sa krigest in bytsje in idee wat it is. Kinst ek op de site www.burgumrun.nl sjen. Dêr stiet ek fan alles op by 'foto/video' fan de ôfrûne acht jier. • Sjoch ek ris op de site www.burgumrun.nl foar de rûte yn Google Maps. En sa mooglik kinst de rûte yn it foar ek al fytse! • Tink al fêst nei hoe de wedstriid oer 5 km ferrinne moat. Hast no hiel wat trainingen hân. Wurdt it in kwestje fan útrinne op in leech tempo. Ynstek is dan om it gewoan te heljen. Kinst ek foar in opbou kieze troch stadich te begjinnen en geandewei de 5 kilometer it tempo wat op te fieren. Rin wol dyn eigen tempo en lit dy net meislepe troch oare hurdrinners. Se kinne in hiel oar doel ha wat it wedstriidferrin oanbelanget. • Tink ek alfêst nei oer de hurdrinklean foar de wedstriid. It is no noch net dúdlik wat it waar wurde sil op 13 septimber, mar ien ding is wol wis; it wurdt net kâld. Lit dy foaral liede troch de klean dy'tst by de trainingen oan hân hast. En wolst noch wat nijs keapje, doch dat dan no, want dan kinst it noch oan ha mei de training. En kinst fiele as it goed sit. • Bring famyljeleden en kennissen op de hichte fan it feit datst meidochtst oan de Simmer yn Fryslân-loop. Se kinne dy dizze lêste wiken noch stypje en op de dei sels is it natuerlik moai dat se dy oer de finish kommen sjogge. • En... genietsje oer in pear wiken fan de Simmer yn Fryslân-loop. It makket net út op it hoefolste plak ast oer de finish komst. Elkenien is in winner. En de ûnderfining is meastentiids dat der nei dy noch hiel wat minsken oer de finish komme moatte. Jaring de Groot

Fit mei Femke sûnder muzyk

Fit mei Femke sûnder muzyk

Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 30/07/2023

De podcast Fit mei Femke sûnder muzyk heeft in totaal 36 afleveringen

Vorige aflevering

Wike 10 - Training 3

Wike 10 - Training 3

Maker: Omrop Fryslân Datum: 12/08/2015

Volgende aflevering

Wike 11 - Training 2

Wike 11 - Training 2

Maker: Omrop Fryslân Datum: 19-08-2015

Soortgelijke podcasts

Disclaimer:De podcast artwork geembed op deze pagina is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast en is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl.

Wike 11 - Training 1

Fit mei Femke sûnder muzyk · 19-08-2015

00:00 00:31:20