Sterke Yerke III podcast

Sterke Yerke III

Sterke Yerke III

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg (ferstoarn yn maart 2021), Guus Schweigmann en Chris Schweigmann (ferstoarn yn novimber 2019) sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimeitsje. Thús yn Ljouwert nimt technikus Meindert van der Meulen alles op wat der mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynt: ynterviews yn aktualiteiteprogramma's op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy't fierd wurde mei de manlju fia Radio Scheveningen. Oan de hân fan dizze orizjinele audio makke programmamakker Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân in rekonstruksje fan de legindaryske reis fan de Sterke Yerke III nei Kurasao. De Sterke Yerke III - in oseaan fan dreamen is in podcast fan Omrop Fryslân.

  • Podcast gepubliceerd op: 7/18/2023 8:35:02 AM
  • Maker: Omrop Fryslân
  • Taal: nl
  • Laatste RSS update: 1/25/2024 8:50:00 PM
  • Datum eerste aflevering: 4/22/2021 4:00:00 PM
  • Datum laatste aflevering: 4/25/2021 3:00:00 PM

5 Afleveringen

  • 00:21:25

    Fan Las Palmas nei de Antillen giet it yn earstoan poerbêst. It is spitich dat harren radio it net mear docht, mar och... sa slim is dat dochs net? Op 5 desimber fiere de keardels noch in alternatyf Sinteklaasfeest en se ha net yn de gaten ...

  • 00:23:07

    As de Sterke Yerke Ingelân achter har litten hat, nimme se ôfskied fan it folchskip de Blue Stone. De Yerke moat it no op eigen krêft dwaan en dat giet as slydjaget. Oant der op 14 septimber in swiere stoarm opstekt en de Yerke-mannen in fe ...

  • 00:22:12

    It flot hat oan it swalkjen west. De goeie wyn wol mar net komme en der is tsjinslach: harren folchskip, de Blue Stone, reitsje se kwyt. Sûnder de Blue Stone is it hiel dreech it Kanaal mei it drokke skipfeartferkear oer te stekken. Uteinli ...

  • 00:22:41

    De freoneploech fan de Sterke Yerke hat al mei in selsboud flot op de Fryske marren fearn en komt op it idee om nei Skylge te farren. As dat sûnder problemen slagget ûntstiet it idee om nei Ingelân te gean. Dat mislearret folslein, de Sterk ...

  • 00:03:09

    Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg ( ...

Disclaimer:De podcast artwork geembed op deze pagina is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast en is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl.

00:00