Nei oanlieding fan de foarstelling Vader en zoon binne njoggen proazaskriuwers, dichters en teaterskriuwers, sawol amateur as profesjoneel, oan ’e slach gien mei it skriuwen fan in dialooch tusken in heit ein in soan. Wat fan de foarstelling hat harren ynspirearre om sels ta in tekst te kommen? Wêr hawwe in heit en in soan it meiïnoar oer? Hoe sizze se tsjin elkoar dat se fan elkoar hâlde? Yn in rige fan trije podcastopnames kinst noch hearlik neigenietsje fan nije, nijsgjirrige dialogen tusken in heit en in soan. Petearen oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doarre litte. Yn dizze ôflevering harkje we nei de heit-soandialogen fan Baukje Zijlstra, Tamara Feddema en Iris Dicke. Wat makket in petear echt in heit-soan dialooch? Hoe prate se tsjin elkoar en yn hokker taal? Kin in heit him ek gedrage as in soan? Dat binne û.o. de fragen dêr’t we it yn dizze podcast oer hawwe.
Gemaakt door: TRYATER Eerste aflevering: 28-04-2025
De podcast TRYATER heeft in totaal 63 afleveringen
Maker: TRYATER Datum: 17-12-2021
Maker: TRYATER Datum: 22-12-2021
Disclaimer: De podcast (artwork) is geembed op deze pagina en is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast. Deze is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl. Voor reclamering dient u zich te wenden tot de eigenaar/ maker van deze podcast.