Aflevering Soarchekonoom Jochen Mierau: "Fúzje Sikehúzen Fryslân Is It Bêste Foar De Soarch."

Soarchekonoom Jochen Mierau: "Fúzje sikehúzen Fryslân is it bêste foar de soarch."
· Aflevering van de podcast: Wike yn, wike út

Fryske gemeenten en de provinsje moatte ynsette op in soarchnetwurk en previnsje. Dat seit Jochen Mierau, professor en heechleraar Economie van de Volksgezondheid oan de Ryksuniversiteit Grins. Mierau lit syn ljocht yn dizze podcast ôflevering skine oer de fúzjeplannen fan de sikehúzen Tjongerschans fan It Hearrenfean en Antonius fan Snitsen dêrby it plan om nij te bouwen op De Jouwer. In ûntjouwing dy't neffens him net foar te kommen is: "Het is een gevolg van de demografische ontwikkelingen." Foar Mierau komt it ek net as in ferrassing. By de buorlju yn Grinslân ha se al in soartgelykes trajekt trochrûn. Dêr gie it om in fúzje en slúting fan de sikehúzen fan Delfzijl en Winschoten.Dy binne opgean yn in nij sikehûs yn Scheemda, it Ommelander sikehûs. "De beide ziekenhuizen moesten investeren in nieuwbouw. Ze hebben toen gekozen voor een fusie met een geografisch optimale ligging. Dat doen ze nu in Fryslân ook." De bestjoerders dy't hjir de plannen meitsje soenen goed sjen moatte nei wat se dêr delset ha, seit Mierau: "Er is daar goed gekeken naar beschikbaarheid en toegankelijkheid. Parkeren bij een ziekenhuis is vaan duur daarom hebben ze het daar gratis gemaakt. Er is ook een goede OV-verbinding." Dat is wer't de provinsje en de gemeente har no ek foar ynsette moatte, sa stelt de heechlearaar.

Wike yn, wike út

Wike yn, wike út

Gemaakt door: Omrop Fryslân Eerste aflevering: 29/07/2023

De podcast Wike yn, wike út heeft in totaal 3 afleveringen

Vorige aflevering

Lelyline: history, stasjon Ljouwert en de polityk

Lelyline: history, stasjon Ljouwert en de polityk

Maker: Omrop Fryslân Datum: 14/07/2023

Volgende aflevering

Fêst yn Woodbrookers

Fêst yn Woodbrookers

Maker: Omrop Fryslân Datum: 24-10-2023

Soortgelijke podcasts

Disclaimer:De podcast artwork geembed op deze pagina is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast en is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl.

Soarchekonoom Jochen Mierau: "Fúzje sikehúzen Fryslân is it bêste foar de soarch."

Wike yn, wike út · 29-09-2023

00:00 00:25:50