Fan binnenút podcast

Fan binnenút Podcast

Fan binnenút Podcast

Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst. Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?

  • Podcast gepubliceerd op: 4/5/2022 5:43:27 PM
  • Maker: Omrop Fryslân
  • Taal: nl
  • Laatste RSS update: 10/25/2022 5:39:00 PM
  • Datum eerste aflevering: 9/20/2020 8:00:00 AM
  • Datum laatste aflevering: 5/2/2022 12:00:00 AM

15 Afleveringen

  • 00:25:55

    De natûr spilet in grutte rol yn Under Wetter dat giet oer de takomst fan de iisbanen no't we hieltyd minder faak iis ha. De teatermakkers ha praat mei saakkundigen. Hoe reëel is it skript? ...

  • 00:32:57

    "Minsken skamje har faak foar suïsidale gedachten" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd. Diel 3, psychiater Agnes de Groot. Prate. Dat help ...

  • 00:34:30

    "Ik fielde my sa waardeloos" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringsaakkundige en psychiater oan it wurd. Diel 2, erfaringssaakkundige Jan Kuipers. Hy rekke syn baan kwyt en sakke al ...

  • 00:45:58

    "Dit hiene we noait, noait tocht" Yn in spesjal fan trije komme oan it wurd de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Yn diel 1 de neibesteande. Njoggen jier ferlyn kaam it telefoantsje. Nei tolven. Sytske Jorritsma kriig d ...

  • 00:00:51

    Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net me ...

  • 00:33:20

    Wat bart der yn it liif en mei it brein fan bern dy't mishannele binne? Jenny de Leeuw is betrouwensdokter by Veilig Thuis. Sy fertelt oer de lichaamlike en mentale gefolgen dêr't bern mei te krijen hawwe. Ek lit sy sjen hoe't je dêr wer po ...

  • 00:31:02

    Veilig Thuis is it advys- en meldpunt foar húslik geweld en bernemishanneling. Maryse en Anita, beiden meiwurkers fan Veilig Thuis, geane nei't sy in melding krigen hawwe nei de húshâldens ta. In wichtich ûnderdiel is dan prate mei de bern ...

  • 00:36:08

    Fjochtskiedingen, oftewol komplekse skiedingen, komme hieltyd faker foar. Yn de earste ôflevering fan de podcast-rige nimt gedrachswittenskipper Lutske de Vries ús mei yn de holle fan âlden dy't it belang fan harren eigen bern net mear lykj ...

  • 00:01:15

    Yn 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat Miranda Werkman lykas yn de tv searje mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensartsen. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding ...

  • 00:32:00

    Willeke van der Plas is direkteur behannelsaken by Van Andel âlderenpsychiatry en 'Herstel en Behandeling'. Der is in soad feroare yn de soarch. Net eltse feroaring hat goed west foar de pasjint. Ynsichten feroarje en dat is mar goed ek, fy ...

Volgende

Disclaimer:De podcast artwork geembed op deze pagina is het eigendom van de eigenaar/ maker van de podcast en is niet op enige wijze geaffilieeerd met Online-Radio.nl.

00:00